MEÄNDER
"TUSKEN SKIMER EN LJOCHT"




Hjir yn ‘e greide
Fiel ik de ierde
Tusken skimer en ljocht
Op ‘e grins
Tusken de nacht
En de dei

Links is it noarden
Rjochts is it suden
En achter de kym
Raast it ljocht
Om ‘e romte Yn my
Om ‘e romte Yn my

Yn reade flewielen loften
Sjoch ik slachskippen fan wolken
Dy’t dinderje
Troch de wyn en ‘e tiid
Nea sil de sinne
De moanne tesinge
De ein is iepen
Yn in ûneinige striid
De ein is iepen
Yn in ûneinige striid

Nim myn hêrt
Nim myn hân
Nim myn siel
Myn ferstân
Nim myn stim
En myn liet
Nim myn winst
En myn striid

Wiid bin’ de fjilden
Wiid bin’ de loften
Brekber de bylden
Yn de eagen
Fan wa’t Nei my sjocht
Fan wa’t Nei my sjocht

Hoe lyts is myn libben
Hoe lyts is myn finster
Hoe lyts is de romte
Foar de tinzen
Tusken skimer
En ljocht
Tusken skimer
En ljocht